Macht euch mit dem Wohnmobil auf den Weg und erlebt die Freiheit des Campings mit dem Komfort eines mobilen Eigenheims. Entdeckt alle Wohnmobilstellplätze, die Friesland zu bieten hat, und wählt euren Favoriten.
Yn de hjoeddeistige tiid is dit in drok knooppunt yn Terherne. In fernauwing yn de grutte ferkearsdyk fan it doarp. Dus sjoch goed om dy hinne en bliuw op’e stoepe en pas op foar auto’s en fytsers. Hjir oan de oare kant stiet it Skippershûs.
It Skippershûs draacht de namme sûnt in oantal jierren wer yn alle grutskens. ’t Schippershuis hyt sa omdat dit plak eartiids in oanlizplak wie foar skippers. It wie in dranklokaaltsje en in wachtlokaal fan beurtskippers. Dit punt yn it doarp wie in knooppunt, wêr’t alle farrûtes by elkoar kamen. Sjoch mar om dy hinne. Fanút Ljouwert, Snits, It Hearrefean, en De Gerdyk. Rûn 1900 waard it ek in hotel. Dat wie de tiid dat de Rypkema’s ek dit horekabedriuw yn eigendom hiene. Dina Rypkema koe hearlik itensierde. It wie ek de tiid dat de earste toeristen yn Terherne delstrutsen. It wie redelik eksklusyf en der waard dan ek sprutsen fan “útsûnderlik en bedoarne wettersporters”, dy’t hjir kamen te iten. Yn dizze tiid hiet it noch café Rijpkema. Dizze namme bleau oant de twadde wrâldkriich en it is hieltyd mear útwreide.
We geane fierder en we geane hjir links ôf de Stripe op. Yn dizze strjitte doch ik wer in berop op dy. Do moast dy wer eefkes skrep sette om dy yn te libjen. Ik meitsje in sprong yn de tiid mei dy.
We binne yn 1886 Do bist hjir no midden yn it nije ekonomyske swiertepunt fan Terherne. We rinne troch dizze drokke winkelstrjitte tusken de skippers, hun froulju en de hannelslju troch. De wenten oan de rjochterkant binne bedriuwen en winkels, dy’t bydrage oan de skipfeart. Hjkir fynst alle hannel foar boeren en skippers: fan mêst-, blok-, en pompmakker oant fouraazjehanneler.
Tusken de winkels en de bedriuwen sjochtst in pear rintenierswenten, bygelyks op nûmer 6 en 7. We rinne rêstich fierder nei it ein fan de strjitrte, nei de helling fan Leemburg. Hier fynst it folgjende pealtsje.