Ga naar inhoud
MAP Favorieten 0

11Fountains Sneek

Buiten gebruik

Sneek

Op in gouden bol midden yn it wetter stiet in man mei in Hoarn fan Oerfloed.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 7 foto's

De Fontein fan Fortuna

Op in gouden bol midden yn it wetter stiet in man mei in Hoarn fan Oerfloed. It byld ferwiist nei Fortuna, de goadinne fan it gelok en de beskermfrou fan stêden, famyljes en folken. De oerfloeiende hoarn symbolisearret de materiële wolstân fan ’e lokkige dy’t dermei yn oanrekking komt. Mar de gouden bol draait hieltyd om syn as, sadat it wetter, lykas de tastream fan it fortún, in ûnberekkenbere, wylde krêft wurdt. De oerfloed dy’t him tafallich oer ús útstoart, kin ús troch it lot like gau wer ûntnommen wurde. Sjoch mar nei de skiednis fan Snits.

Stephan Balkenhol

Stephan Balkenhol (1957) jildt as ien fan ’e wichtichste hjoeddeiske byldhouwers. Syn út hout hakke of brûnzen minskefigueren stekke op in humoristyske wize de draak mei ús of beljochtsje de o sa minsklike skiednis fan in stêd of lokaasje. Yn Snits, in stêd mei in lange histoaryske bân mei Dútslân, bringt syn fontein ôfwikseljende perioaden fan foar- en tsjinspoed yn it sin. Lykas yn in minskelibben.

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo 11Fountains Sneek

Hoogend 1
8601 AD Sneek
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten