11Fountains Hindeloopen
Hindeloopen
Ynspiraasjeboarne foar de fontein fan Hylpen is de libbensbeam op it stedswapen, mei twa harten, oan wjerskanten ien, in mantsje en in wyfke.
Sjoch alfêst efkes
Bekijk alle 6 foto's
Flora & Fauna in Hylpen
Ynspiraasjeboarne foar de fontein fan Hylpen is de libbensbeam op it stedswapen, mei twa harten, oan wjerskanten ien, in mantsje en in wyfke. De beam symbolisearret de libbensenerzjy, mar stiet ek foar wiisheid. De beide harten fiede harren dêrmei. No sitte der prachtige eksoatyske fûgels yn ’e beam. Ast op it grutte, houten gewei dat om ‘e beam hinne stiet sitst, sjochst hoe’t se wetterspuiend mei-inoar ‘prate’. Oer ús?
Shen Yuan
Shen Yuan (1959) is ien fan ’e mar in bytsje froulike Sineeske keunstners dy’t ta de ynternasjonale keunstwrâld trochkrongen is. Yn al har wurk lit sy sjen dat kultueren inoar hieltyd ûnderling beynfloedzje, mar ek dat je dêr je eigen eftergrûn net by hoege te ferleagenjen. Je sjogge hieltyd spoaren fan ’e tradisjonele Sineeske keunst kombinearre mei in ymposant ambachtlik fakmanskip. Dat alles past hiel goed by de eigen en dochs iepen kultuer fan Hylpen.
Hjir fine jo 11Fountains Hindeloopen
Nieuweweg 18713 KJ Hindeloopen Plan dyn rûte
fanôf dyn lokaasje