Ga naar inhoud
MAP Favorieten 0

Akkrum leit, tusken It Hearrenfean en Ljouwert, metien oan it spoar en oan de autosneldyk A32. Nearne wurdt it útsicht fersteurd troch yndustry of stedske drokte. Yn plak dêrfan langrutsen greiden, bloeiende bermen, karakteristike buorkerijen en prachtige natuergebieten. Akkrum is in gesellich en libben doarp yn midden-Fryslân. Akkrum leit oan it begjin fan de Turfrûte en hat foar de wettersport ideale mooglikheden. Yn Akkrum binne der ek gesellige kroechjes, restaurants, leuke winkeltsjes en prachtige gebouwen, en Akkrum hat in warber ferieningslibben.

Untdek Akkrum

Untdek mear Fryske doarpen