Appelskea leit yn it Súdeastlike hoekje fan Fryslân, oan de râne fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wold. In omjouwing dy’t útnûget om deropút te gean. Yn 2007 waard Alde Willem, it natuergebiet tusken Appelskea en Zorgvlied, noch útroppen ta moaiste plakje fan Nederlân. We riede dy dan ek beslist oan om Appelskea net oer te slaan wannear’st yn Fryslân bist.