Ga naar inhoud
MAP Favorieten 0

Bed & Brochje ’t Gouden Plakje

Grou

Oan it wetter midden yn it gesellige sintrum fan Grou is Bed & Brochje ’t Gouden Plakje de perfekte útfallbasis foar in ûnferjitlike fakânsje yn Fryslân.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 7 foto's

Op mar in stientsje ôfstân fan de B&B fynst de leukste restaurants, terrasjes, winkels en fansels de haven. Jûns in hapke en drankje dwaan yn it doarp en rinnen nei dyn noflike bêd? Dat kin! Bed & Brochje ’t Gouden Plakje biedt in unyk ferbliuw yn it sintrum fan Grou.

De B&B beskikt oer in lúkse badkeamer, aparte wc en in lyts keukenblokje sadatst fan alle gemakken foarsjoen bist. Ek op it romme terras is it hearlik te ferkearen mei in eigen drankje. Stap hjir wei op ús boat ‘de Struner’ en binnen de koartste kearen bist op it prachtige Pikmar! Of paddel fuort op de supplank en nim in fertsjinne pauze yn de haven fan Grou. In elektryske fyts kinst ek by ús hiere, sadatst de ferneamde Pontjesroute fytse kinst: dé perfekte manier om de omjouwing te ûntdekken.

Us gesin is yntusken útwreide mei ús kat (Dommel) en ús dochter Evi. Wy noegje dy graach út om te genietsjen fan 't Gouden Plakje. Bed & Brochje ’t Gouden Plakje is de ideale plak om te ferbliuwen en te genietsjen fan al it moais wat Grou te bieden hat!

Mear witte? Sjoch op https://bedandbreakfastgrou.nl/

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo Bed & Brochje ’t Gouden Plakje

Bed & Breakfast 't Gouden Plakje
Parkstraat
9001 AT Grou
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten