Ga naar inhoud

Textielatelier Durkje de Boer

Hindeloopen

Unike hânmakke tekstylprodukten út eigen atelier en 'fan fier'. Hindelooper Sitsen, Quilt- en Folklore stoffen. Fairtrade tekstyl út Sintraal- Azië en Yndia.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 8 foto's

Yn har Tekstyl Atelier yn Hylpen makket Durkje de Boer unike tekstylprodukten fan de prachtige, kleurrike Hylper Sitsen en Bonten.

'Sitsen' binne mei de hân skildere of bedrukte glanzjenden katoenen stoffen mei blommotiven; 'Bûnten' binne de katoenen stoffen weefd mei rúten. Dizze stoffen waarden yn it ferline brûkt yn it Hylper kostúm.

Har eigen label "Fleurig Folklore" bestiet út: thúsaccessoires lykas kessens, poefs, lampeskermen, flaggelinen, picknicktekken, keukentekstyl, ensfh.
En moade-aksessoires lykas: hierbands, scrunchies, keycords, tassen, ensfh.

De produkten wurde ferkocht fanút it Tekstilatelier en binne ek te bestellen yn maat en kleur.

Hindelooper Sitsen, Quilt- en Folklore stoffen binne te keap fan de rol en ek lytse lapkes foar kwilten en patchwork.

Dêrneist is in kleurrike kolleksje tekstylprodukten fan ambachtslju út Sintraal-Azië en Yndia te keap.
Durkje reizget graach nei fiere bestimmingen en ek dan folget se har passy foar tekstyl. Tidens har reizen besyket se lytse ateliers en moetet se kreative ambachtslju. It tekstylwurk keapet se direkt fan de makker. Eerlike hannel foar in earlike priis, foar in moai libben foar de ambachtslju en harren húshâldings.
Wol vilt flierkleden en sitmatten.
Siden sjaals mei wol filt motieven.
Kleurige weven plaids en sjaals.
En unike sieraden makke fan filt kombinearre mei fyn borduerwurk.

Mear info: durkjedeboer.nl

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo Textielatelier Durkje de Boer

Textielatelier Durkje de Boer
Buren 29
8713KB Hindeloopen
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten