Ga naar inhoud

11Fountains Harlingen

Harlingen

Ea stie Harns yn it teken fan ’e walfiskfangst. Tsjintwurdich stribje wy der net mear nei om dy grutte en ymposante bisten te deadzjen, mar krekt om se fan ’e dea te rêden.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 4 foto's

De Walfisk yn Harns

Ea stie Harns yn it teken fan ’e walfiskfangst. Tsjintwurdich stribje wy der net mear nei om dy grutte en ymposante bisten te deadzjen, mar krekt om se fan ’e dea te rêden. Foaral no’t se om ûndúdlike redenen hieltyd faker yn ûndjippe wetters strânje. De fontein fan Harns is in libbensechte potfisk. Hy leit as ferdwaald by de Suderpier, mar út en troch ferriedt syn krêftige wetterstriel dat er wis wol yn libben is. Sa tsjûget ‘De Walfisk’ fan ’e enoarme ynfloed dy’t de minske hat op alles wat libbet yn ’e see.

Jennifer Allora & Guillermo Calzadilla

'Op de barrikade’ soe it devys wêze kinne fan it yn Puerto Rico wennenje keunstnerspear Allora & Calzadilla (1974, 1971). Mei alle middels dy’t de hjoeddeiske keunst ta beskikking steane, bekritisearje sy it ûnmeilydsum en gewelddiedich útrûpeljen fan minske en natuer troch it globale polityk-ekonomyske systeem. Mei harren meastentiids tige direkte skulptueren, fideo’s en foto’s litte se de gefolgen dêrfan sjen, wylst se ús mei foarstellings en muzikale projekten ta ferset oproppe.

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo 11Fountains Harlingen

Nieuwe Willemshaven 1
8862 PK Harlingen
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten