Museum Warkums Erfskip
Workum
Museum Warkums Erfskip sit yn it âlde waachgebou en it stedhûs yn it sintrum fan Warkum en fertelt de histoarje fan Warkum en omkriten.
Sjoch alfêst efkes
Bekijk alle 4 foto's
Museum Warkums Erfskip sit yn it âlde waachgebou en it stedhûs yn it sintrum en fertelt oer de histoarje fan Warkum en omkriten. It weachgebou op Merk 4 is it startpunt dêr't je de hichtepunten fan de prachtige stêd Warkum út ûntdekke en bewûnderje kinne. Op'e begeane grûn fan'e waach is in toeristysk ynformaasjepunt ynrjochte dêr't elkenien ynrinne mei. Keapest in ticket, dan meist nei de earste etaazje fan it gebou en it stedhûs dêr't moaie eksposysjes oer Warkum te sjen binne, dat yn it jier 1399 stedsrjochten krige. Dat wie ûnder mear mooglik omdat der in waach wie dêr't guod woegen en ferhannele waard. Fan 1504 ôf waard de Warkumer el (70,9 sm) sels útroppen ta standert lingtemaat foar hiel Fryslân, oant de Amsterdamske el it oernaam. Dat jout wol oan dat Warkum yn dy tiid in wichtich sintrum fan seehannel en skipfeart wie. Giest noch in etaazje heger, dan komst op'e souder dêr'tst in spannend harkspul oer de aventoeren fan Warkumer skipper Huijte Fookles te belibjen bist. Yn desimber 1777 strâne er mei syn skip yn Frankryk. It eardere stedhûs fan Warkum - dat oan de oare kant fan it merkplein stiet - is ek tagonklik mei dyn ticket. Gean seker noch yn It Stedhûs sjen yn de prachtich restaurearre keamers en op'e souder in fêste eksposysje oer de Twadde Wrâldoarloch en it ferset yn Warkum te sjen. Hjir ûnderfine besikers, troch ferhalen en oantinkens, it libben yn besettingstiid. Boek hjir direkt dyn tickets foar it museum. Dizze lokaasje is ûnder oare ûnderdiel fan de fytsrûte 'Luchtoorlog in Friesland' yn it ramt fan it tema Striid om it Waad.
Hjir fine jo Museum Warkums Erfskip
waaggebouw en stadhuisMerk 4
8711 CL Workum Plan dyn rûte
fanôf dyn lokaasje