Ga naar inhoud

11Fountains Workum

Workum

Al iuwen wurdt it stedswapen op ‘De Waag’ fan Warkum stipe troch twa liuwen. Sy dogge nayf oan en harren teätrale poaze makket dat wy laitsje moatte.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 8 foto's

De Woeste Liuwen fan Warkum

Al iuwen wurdt it stedswapen op ‘De Waag’ fan Warkum stipe troch twa liuwen. Sy dogge nayf oan en harren teätrale poaze makket dat wy laitsje moatte. Mar as fontein fan Warkum, stevich op ’e grûn mei in mear as libbensgrutte ôfmjitting, binne sy gjin byfigueren mear, mar haadrolspilers. Op ôfstân fan inoar sproeie sy no as fjochtsjende katten wetter nei inoar. ‘Sjoch nei Warkum’, lykje sy nei ús ta te roppen. Want sûnder it wapenskyld biedt de lege romte tusken harren in hommels útsjoch op ’e libbene werklikheid fan ’e stêd.

Cornelia Parker

Cornelia Parker (1956) fynt it prachtich om deistige foarwerpen en tige bekende bylden út keunst en kultuer op te blazen, te ferdûbeljen, út te rekken of yn diggels te slaan, as in soarte fan died fan befrijing. Want mei de grutskalige skulptueren of ynstallaasjes dy’t sa ûntsteane kriget it âlde en bekende in nije betsjutting. Mei in fleuchje Britske humor op ’e keap ta. Parker wurket graach mei oaren gear.

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo 11Fountains Workum

Skill
8711 CL Workum
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten