Ga naar inhoud
MAP Favorieten 0

11Fountains Ijlst

IJlst

Neffens Shinji Ohmaki foarmet kultuer him, lykas de natuer, laach op laach. Nije generaasjes bouwe hieltyd fierder op in grutte ûnderlaach dy’t net ferdwynt.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 5 foto's

Unstjerlike blommen – Rikka

Neffens Shinji Ohmaki foarmet kultuer him, lykas de natuer, laach op laach. Nije generaasjes bouwe hieltyd fierder op in grutte ûnderlaach dy’t net ferdwynt. Krekt sa’t de stêd Drylts ek ûntstien is. De âlde, foar in grut part ferwyldere stinzeplanten, binne tekens fan dy ûnsichtbere ûnderlaach en fan ’e rol fan ’e minske by de ûntwikkeling dêrfan. De fontein ‘Unstjerlike blommen – Rikka’ ferbynt bloeiende stinzeplanten as elemint út ’e Fryske natuer mei in âlde foarm fan Japanske blomskikkeunst, Ikebana. Hy symbolisearret de ivige ferbyntenis tusken minske, kultuer en natuer.

Shinji Ohmaki

‘Unthâld sprekt’, soe it biedwurd fan Shinji Ohmaki (1971) wêze kinne. Al syn wurk komt fuort út syn ûndersyk nei wat ea wie, mar út ús kollektive ûnthâld ferdwûn. Alde ambachten, ferlerne tradysjes, ferdwûne blommesoarten: foar him binne se net fuort, mar lizze sy bedutsen ûnder it stof fan ’e tiid. It is oan him as keunstner, fynt hy, om se yn skjintme wer ta libben te bringen.

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo 11Fountains Ijlst

De Dassenboarch 1
8651 CB IJlst
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten