Ga naar inhoud

11Fountains Stavoren

Stavoren

De see jout, de see nimt. Starum, ea in rike Hânzestêd, kin dêroer meiprate. Oerstreamingen, seehannelsoarloggen, in haven dy’t fersâne: meardere kearen ferfoel de stêd ta earmoed.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 6 foto's

De Fiskfontein foar Starum

De see jout, de see nimt. Starum, ea in rike Hânzestêd, kin dêroer meiprate. Oerstreamingen, seehannelsoarloggen, in haven dy’t fersâne: meardere kearen ferfoel de stêd ta earmoed. Mar hieltyd rjochte sy har op en brochten seefeart en fiskerij nije wolfeart. Folksferhalen as ‘It froutsje fan Starum’ fertelle fan dat wiffe lot. ‘De Fiskfontein fan Starum’ heakket dêr in nij ferhaal oan ta, mei in knypeach nei in symboalyske print fan Pieter Bruegel de Oude: ‘Hoe grote vissen kleintjes eten!’ Wy sjogge hoe’t de grutte iepen mûle fan in machtige fisk ús by de wettersproeiende lippen del nei binnen lokket. Wa ûntspringt yn Starum de dûns?

Mark Dion

Mark Dion (1961) dûkt foar syn skulptueren en ynstallaasjes djip yn ’e skiednis fan in ûnderwerp of in lokaasje en hellet dêr as in archeolooch allegearre ferburgen aspekten út foar it ljocht. Syn belutsenens by de wrâld is faaks fol mei humor, mar hat ek skerpe kantsjes, benammen as it giet om de gongbere skiedskriuwing of ús omgong mei it bisteryk. De rike, mar foar it grutste part ferburgen skiednis fan Starum sprekt him dan ek tige oan

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo 11Fountains Stavoren

Stationsweg 1
8715 ES Stavoren
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten