Sint Vitustsjerke Blauhûs
Blauwhuis
In lyts doarp mei in grutte tsjerke, op kilometers ôfstân kinne jo har oanskôgje. Sy is as in beaken yn it Fryske lânskip. Tsjerke en pastorij binne ûntwerpen fan bouhear Pierre J.H. Cuypers, syn earste opdracht yn Fryslân. De bou begûn yn july 1868. Yn maaie 1870 waard it projekt oplevere.
Sjoch alfêst efkes
Bekijk alle 5 foto's
De neogoatyske katolike tsjerkebou yn Nederlân naam yn de twadde helte fan de 19e iuw in hege flecht.
Wichtige spil hjiryn wie arsjitekt Pierre Cuypers dy 't yn it hiele lân leafst sa 'n santich nije tsjerken ûntwurp.
Fan de sân dy 't der yn Fryslân ferrizen, wie de Sint Vitus yn Blauhús, ynwijd yn 1872, de earste.
De rike wielde fan dizze trijebûkige krústsjerke, mei hege foarsteande toer, is in hiel oar ferhaal as de beskieden ienfâld fan de measte Fryske doarpstsjerken.
Mear as allinnich in ûnderdak foar de earetsjinst is de Sint Vitus de enscenering fan in oerronfeljende totaalûnderfining.
It eksterieur pronket mei in rike samling arsjitektoanyske eleminten en fersieringen.
Men ûntdekt alderlei poarsjes, roas - en lansetfinsters, opklimjende steunbearen, profilearre sierlisten en noch folle mear.
Alles opmitsele yn bakstien, mei sparsum gebrûk fan natuerstien foar konstruktive dielen.
In soad dakflakken binne ôfdutsen mei laaien.
Ek it ynterieur is tige de muoite wurdich.
Cuypers liet neat oan it tafal oer en hold de hiele ynrjochting, ynklusyf meubilêr, byldhou-en skilderkeunst, yn eigen hân.
It skjinne mitselwurk, yn kontrastearjende kleuren, is oerklúze mei hege krúsribferwulven.
Yn 'e houten tonferwulven, boppe de dwerskapellen, ûntdek dyn sierlik skildere plantmotiven.
Bysûnder is ek de ôfwikseling fan slanke kolommen en mitsele pylders.
Dit saneamde 'alternerende' stelsel, ûntliend oan de romaanske arsjitektuer, wie in wize om de trije traveeën yn it middenskip te ferbinen mei de seis traveeën yn de sydbûken.
Hjir fine jo Sint Vitustsjerke Blauhûs
St. VituskerkVitusdyk 29
8615 LN Blauwhuis Plan dyn rûte
fanôf dyn lokaasje