Ga naar inhoud

11Fountains Sloten

Sloten

Ljip’ lit in famke sjen dat op ’e skouders fan in man stiet. Sy hâldt in fûgel yn ’e hân. Under de fuotten fan ’e man foarmet in sloardige steapel amers, jerrycans en tobben de basis fan ’e fontein.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 8 foto's

Ljip in Sleat

‘Ljip’ lit in famke sjen dat op ’e skouders fan in man stiet. Sy hâldt in fûgel yn ’e hân. Under de fuotten fan ’e man foarmet in sloardige steapel amers, jerrycans en tobben de basis fan ’e fontein. Dy universele konteners dêr’t it wetter kalm yn en út streamt, wize derop dat ús maatskippij oerfloedich beskikt oer eat dat earne oars yn ’e wâld hielendal net fanselssprekkend is: wetter – de boarne fan al it libben. De fûgel dy’t it famke koesteret is in ljip, in fûgelsoarte dy’t yn Fryslân bedrige wurdt.

Lucy & Jorge Orta

It mearsidich wurk fan keunstnerspear Lucy & Jorge Orta (1966, 1953) stiet folslein yn it teken fan fiedsel-, wetter- en miljeuproblematyk. Foar harren faak langjierrige yntinsive ûndersyksprojekten wurkje de Orta’s gear mei wittenskippers, NGO’s en de lokale befolking. De ekskurzjes nei Antarktika en it Amazônegebiet liede ta nijsgjirrige tematyske útstallingen. De feroarings fan it Fryske greidelânskip en it hechte mienskipsgefoel fan Sleat spruts de Orta’s tige oan en dat sjogge we werom yn harren fontein

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo 11Fountains Sloten

Koestraat 1
8556 Sloten
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten