11Fountains Dokkum
Dokkum
De IIsfontein is in spylbal fan de eleminten en gjin dei gelyk. IIs tekenet patroanen op it koperen fel fan ‘e skulptuer. De mjitte wêryn’t de fontein al of gjin iislagen foarmet, is ôfhinklik fan de sinne, luchtfochtigens, temperatuer, wyn en delslach.
Sjoch alfêst efkes
Bekijk alle 5 foto's
De iisfontein fan Dokkum
De IIsfontein is in spylbal fan de eleminten en gjin dei gelyk. IIs tekenet patroanen op it koperen fel fan ‘e skulptuer. De mjitte wêryn’t de fontein al of gjin iislagen foarmet, is ôfhinklik fan de sinne, luchtfochtigens, temperatuer, wyn en delslach. Enerzjy foar de IIsfontein wurdt makke troch sinnepanielen. Ringsom steane beammen dy’t in reade kleur krije yn it neijier. Se ferwize nei Bonifatius en syn folgers dy’t yn Dokkum fermoarde binne. Foar optimale skaadwurking is by de skulptuer gebrûk makke fan de wetmjittige oardering fan blêden om in mulpunt hinne. It risseltaat fan mear as 100 miljoen jier evolúsje yn ‘e plantewrâld.
Birthe Leemeijer
Birthe Leemeijer (1972) lit ús de natuer op in sintúglike wize belibje. Mar frijbliuwend is dat net, want yn ‘e gong wei wiist hja derop dat de natuer en it lânskip drastyske feroarings ûndergeane mei gefolgen dy’t net te oersjen binne. By har ûndersyk bringt sy ferskate foarmen fan kennis by-inoar. It ûnferfulle langstme en gemis dat men by in beskaat plak fiele kin, foarmje foar har in wichtige boarne fan ynspiraasje.