Ga naar inhoud

11Fountains Franeker

Franeker

De fontein is in oade oan ’e wrâldferneamde, yn Frjentsjer berne, astronoom Jan Hendrik Oort. Syn ûnderstelling dat der om ús sinnestelsel hinne in ‘wolk’ fan miljarden komeeteftige objekten him beweecht, betsjutte in trochbraak yn ’e astronomy.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 7 foto's

De Oortwolk

De fontein is in oade oan ’e wrâldferneamde, yn Frjentsjer berne, astronoom Jan Hendrik Oort. Syn ûnderstelling dat der om ús sinnestelsel hinne in ‘wolk’ fan miljarden komeeteftige objekten him beweecht, betsjutte in trochbraak yn ’e astronomy. De fontein is ûntwurpen as in rige wetterfallen dy’t út in skaal by in fertikale ketting fan nachtkleurige pearels del yn it bassin streame. Ien fan dy pearels is sulverkleurich, lykas de kleur fan ’e moanne, in oar is fergulde, de kleur fan ’e sinne. ‘De Oortwolk’ sels is in dize fan fine dripkes dy’t út in goudkleurich gaaswurk yn ’e skaal falle.

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo 11Fountains Franeker

Breedeplaats 1
8801 LZ Franeker
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten