Fekânsjepark Het Bosmeer
Noordwolde
Ûnderyn Fryslân leit yn Noardwâlde fekânsjepark Het Bosmeer. In park mei 72 frijsteande bungalows (foar 4 oant 6 minsken) tichtby de grins mei Drinte en Oerisel. Yn it gebiet fine jo 3 Nasjonale Parken, tige geskikt om te kuierjen en te fytsen.
Sjoch alfêst efkes
Bekijk alle 23 foto's
Bungalowpark by 3 Nasjonale Parken, tige geskikt foar fytsers en kuierders. Mei ferwaarme iepenloftswimbad. Hûnen binne tastien op oanfraach. Fergees WiFi. Gasten wurdearje ús mei in 8,8 op Zoover.
Bungalowpark Het Bosmeer fine jo yn it Fryske doarp Noardwâlde. Yn dit prachtige gebiet, tichtby 3 Nasjonale Parken en de Koloniën van Weldadgheid (UNESCO) binne d'r in protte mooglikheden foar kuierjen en fytsen. Der binne ek mear as genôch mooglikheden foar museumbesites. Of besykje bygelyks it Thialf iisstadion op It Hearrenfean, ûntdek alles oer Fryslân yn it Fries Museum yn Ljouwert, gean op boattocht yn Giethoorn of plan in dei út nei Wildlands yn Emmen. En fansels kinne jo hjir genietsje fan de prachtige natuer. Het Bosmeer leit tichtby de grins fan Drinte en Oerisel.
Wy biede frijsteande bungalows foar 4 oant 6 persoanen op romme kavels mei in soad privacy. Der binne 5 ferskillende soarten wenten, fan standert oant lúkse. Alle wenten hawwe op syn minst in ôfwaskmasjine, smart TV en magnetron. By it park is der fytsferhier, in bernebuorker, in boarterstún, tafeltennis en jeu-de-boulebaan. Yn it heechseizoen is der ferdivedaasje foar bern oant likernôch 12 jier. Wy hawwe in spesjale groepsromte beskikber foar groepen. Alle bungalows binne net-smoken. Hûnen binne tastien op oanfraach (tsjin in fergoeding) yn guon bungalows.
Oan de oare kant fan Het Bosmeer is it ferwaarme iepenloftswimbad De Dobbe, ús gasten hawwe fergees tagong (iepen fan ca. begjin maaie oant ca. begjin septimber). Neist De Dobbe leit rekreaasjegebiet SBB "Spokeplas", mei in swimmar en in sânstrân.
Wy binne it hiele jier iepen, jo binne mear as wolkom!
- Akkommodaasjetype:
- Bungalow
Hjir fine jo Fekânsjepark Het Bosmeer
Vakantiepark FrieslandElsweg 5
8391KB Noordwolde Plan dyn rûte
fanôf dyn lokaasje