Packraften Gaasterlân
Rijs
Belibje dan de wrâld fan packraften, wêr't do mei al dyn needsaaklike spullen op 'e rêch op ûntdekkingstocht giest! Yn dyn rêchsek fynst alles watst nedich hast foar in ûnferjitlik moaie dei fuort. Rinnend en peddeljend ûntdekst de prachtichste plakjes fan Fryslân.
Sjoch alfêst efkes
Do begjinst dyn aventoer mei in ûntspannen kuiertocht troch it ieuwenâlde Rijsterbos, fol mei ferhalen en skiednis. Dêrnei giest fierder yn dyn eigen opblaasbere boat oer it wetter. Tusken de meerkoeten en wetterleljes peddelst nei it prachtige libellenreservaat de Wyldemerk, wêrsto in perfekte plak fine kinst foar de lunch, om te swimmen en te ûntspannen. Nei de lunch kearst yn alle rêst werom nei it startpunt fan de rûte. Do bepaald hoe't dyn aventoer derút sjocht en hoe lang asto de rûte meitsje wolst.
Hjir fine jo Packraften Gaasterlân
WoodsstepsLeise Leane 6
8572 WH Rijs Plan dyn rûte
fanôf dyn lokaasje