Ga naar inhoud

Tsjerkepaad - 250 Fryske tsjerken iepen op sneontemiddei.

Sorry, deze activiteit is niet meer beschikbaar

Heel Friesland

Skiednis, kultuer, oerstjoering en in goed petear op 'e sneontemiddei: dat is Tsjerkepaad! Wolkom yn sa'n 250 Fryske tsjerken.

Sjoch alfêst efkes

Nêrgens binne safolle tsjerken as yn Fryslân. Tiidens Tsjerkepaad binne ûnder de simmer sa'n 250 Fryske tsjerken frij tagonklik. Gastfrije frijwilligers binne beskikber foar útlis. De tsjerken binne iepen foar elkenien dy't erfgoed, keunst, stilte, ûntmoetingen, rêst of meditaasje weardearret.

Tsjerkepaad 2023 is fan 1 july oant 9 septimber op de sneontemiddeis fan 13.30 oant 17.00 oere. It jiertema is "Tsjerke as plak fan ûntmoeting". Sjoch foar't jo op 'e wei geane altyd even op www.tsjerkepaad.nl oft de gebouwen dy't jo besykje wolle iepen binne. It kin nammentlik foarkomme dat in middei útfalt, bygelyks fanwege in útfaart- of houlikstsjinst. By elke tsjerke wurdt ek fermeld oft der ekstra aktiviteiten binne, bygelyks muzyk, in eksposysje of in lêzing.

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo Tsjerkepaad - 250 Fryske tsjerken iepen op sneontemiddei.

Heel Friesland
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten