Ga naar inhoud

It spoar werom

Easterein

In teatrale foarstelling n.o.f. it boek ’Had het anders gekund’ fan Abel de Jong makke foar de betinking fan 80 jier frede dy’t ferline en heden ferbynt.

Sjoch alfêst efkes

Abel de Jong is de soan fan Sally de Jong, twillingbroer fan Loe de Jong, de bekinde skriuwer fan de kroanyk: ‘Het Koninkrijk der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog.’


It spoar werom fertelt it ferhaal fan Abel dy’t as ‘ûnderdûkbern’ op lettere leeftyd op syk giet nei it libben en it lot fan syn joadske âlders Sally en Liesje yn de Twadde Wrâldoarloch.

Abel syn heit krijt wurk fia de ‘Joodse Raad’ as dokter yn Westerbork. Toch beslute de âlders fan Abel te flechtsjen nei neutraal Switserlân.

De beide berntsjes (Abel dan 2 jier en Daan noch gjin jier) bringe se nei in ûnderdûkadres. By de Switserske grins wurde syn âlders weromstjoerd. 

Se besykje no nei Spanje te flechtsjen om sa yn Ingelân te kommen. Yn Frankryk wurde sy ferret en oppakt en úteinlik deportearre nei Auschwitz-Birkenau.

Priisynformaasje:
Fan € 25,00
Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo It spoar werom

Martinikerk
Tsjerkebuorren 2
8734GX Easterein
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten