Ga naar inhoud

Warkum

It stedsje Warkum leit yn de Súdwesthoeke fan Fryslân en is ien fan de âldste stedsjes fan de provinsje. Sûnt 1399 hat Warkum stedsrjochten en heart it by de Fryske alve stêden. In útgroeven wetterwei, De Wimerts, ferbûn de haven mei de binnenmarren fan Fryslân.

Warkum hat foar eltsenien genôch te bieden: fan Jopie Huisman oant gesellige terraskes en fan gildebieren oant natuerwaarden. Kinst genietsje fan de prachtige skilderijen fan de âldizer- en lampekeapman Jopie Huisman, mar der is ek in museum wêr’st yn ‘e kunde komst mei de rike histoarje fan Warkum. In kuier troch it âlde sintrum is in attraksje op himsels; it ferskaat oan skitterjende monuminten en geveltsjes stiet yn rigen njonken elkoar. Mar ek de natuer om it stedsje hinne is perfoarst de muoite wurdich. Kinst prachtige natuerkuiers en fytstochten meitsje lâns de Fryske Iselmarkust of troch de lytse doarpkes en útbuorren yn de omkriten.

Kite Paradise

Warkum heart ta de bêste kiteplakken fan Fryslân. De omstannichheden binne hjir ideaal en oan kiteskoallen gjin gebrek. Ek wynsurfers en oare wettersporters kinne yn Warkum harren wille net op.