It Woudagemaal op De Lemmer is it grutste stoomgemaal fan de wrâld dat noch wurket. Al sûnt 1920 wurdt it gemaal by hege wetterstannen oanset om it oertallige wetter út de bûtenwetters te loazen. It arsjitektoanysk en histoarysk unike Woudagemaal is fan 1977 ôf in beskerme monumint. Yn 1998 is it op de UNESCO Wrâlderfgoedlist pleatst.
IT GEMAAL
It grutste stoomgemaal fan de wrâld makket yndruk. Yn de enoarme masinehal steane fjouwer stoommasines mei dêroan fjouwer machtige driuwtsjillen keppele, dy’t noch altyd operasjoneel binne. De stoommasines en driuwtsjillen driuwe acht rûne pompen oan dy’t elke dei ûngefear seis miljoen m³ wetter ferpleatse. Om de tsjettels te foljen mei wetter, de swiere stookoalje foar te ferwaarmjen en de acht pompen ien foar ien op te starten, is in ploech fan minstens alve minsken nedich. Nei seis oeren opstarten en opwaarmjen draait de hast 100 jier âlde masine op folle toeren. En dat is in machtichmoai gesicht.
BESIKERSSINTRUM
It Woudagemaal hat in spesjaal besikerssintrum wêr’t jong en âld ynformearre en entûsjast makke wurde oer de wurking fan it stoomgemaal. Njonken in ynteraktive eksposysjeromte is der in bioskoop mei 3D-film wêr’st it Woudagemaal ûnder stoom belibje kinst, in panoramaseal, de bern kinne meidwaan oan in speurtocht en wurde oplaat ta helpmasinist. It Woudagemaal is meardere keare nominearre as moaiste útstapke fan Fryslân.