Ga naar inhoud

De Streken

Oosterend

De Streken fan byldzjend keunstner Marc van Vliet beweecht op it Skylger Waad troch de krêft fan de moanne. Troch eb en floed kin dit Skylger tijkeunstwurk, dat allinnich te berikken is fia in 150 meter lange rinbrêge, op twa totaal ferskill...

Sjoch alfêst efkes

De Streken fan byldzjend keunstner Marc van Vliet beweecht op it Skylger Waad troch de krêft fan de moanne. Troch eb en floed kin dit Skylger tijkeunstwurk, dat allinnich te berikken is fia in 150 meter lange rinbrêge, op twa totaal ferskillende wizen belibbe wurde.

Wês dy der hjir eefkes hiel bewust fan hoe’t de planeet dêr 't wy op libje om syn as draait. As it eb is, is it in stil plak op it Waad en sjochst nei bûten. Mei floed stiest krekt midden op it wetter en sjochst nei binnen.

It keunstwurk wie al ris te sjen op Oerol Festival yn 2021. De natuer beslute doe om in dei earder ôf te brekken: in súdwesterstoarm en springtij skansearren it bouwurk. Dêr learden se fan en foar 2022 wurkje Oerol en Marc oan in nije ferzje dy 't stabyl genôch is om trije moannen lang de natuer wjerstean te kinnen. De iepening fan De Streken is yn juny, mei Oerol 2022 op it Waadeilân.

De Streken is in projekt fan Sense of Place, dat it gebiet by de Waadkust del nij libben ynblaast troch de unike kwaliteiten fan it gebiet sichtber te meitsjen. Mei bewenners en it lânskip fertelle se mei byldzjende keunst- en ûntwerpprojekten it ferhaal fan it Noarden. De skiednis fan it gebiet en bewenners, it lânskip én de takomst.

Hjir fine jo De Streken

Oosterend
8897HZ Oosterend
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten