Ga naar inhoud

Kattekwea, in Oade oan Irolt

Doarpstsjerke Rottevalle, Rottevalle

'Kattekwea' is in fleurich, ferhalend konsert mei yn de haadrol it repertoire fan de legendaire folkband Irolt, boechbyld fan de Fryske Folk. De muzyk fan Irolt hat yn 'Kattekwea' in nije jas krigen, mar de jasbûsen sitte noch propfol fertroude refr...

Neem alvast een kijkje

'Kattekwea' is in fleurich, ferhalend konsert mei yn de haadrol it repertoire fan de legendaire folkband Irolt, boechbyld fan de Fryske Folk. De muzyk fan Irolt hat yn 'Kattekwea' in nije jas krigen, mar de jasbûsen sitte noch propfol fertroude refreinen en hearlike herinneringen,
presenteart troch twa yn it sâlt bebiten artysten dy’t it ûndogensk wêze net ferleard hawwe.

Inez Timmer wie de frontfrou van Irolt, spyle yn ca 30 musicals, wie nominearre foar har fertolking fan Mme Armfeldt (Nederlandse Reisopera), helle de heale finale by The Voice Senior, wûn de publykspriis plus jurypriis by it Ouderensongfestival 2021, skreau in dozyn theaterprogramma’s en heart súver by it Frysk Kultureel Erfgoed.

Peter van der Zwaag is de fêste begelieder fan hast alle kleinkunstdiva’s in Fryslân en de rest fan Hollân, in wiere toetsentsjoender en boppedat in betûft arrangeur en orkestlieder.

Meer informatie of reserveren: doarpstsjerkerottefalle@gmail.com

Tijdstip
15.00 - 17.00 uur

Entree
€ 17,50, inclusief koffie/thee

Wanneer:
9 februari 2025
Afstand tot jouw locatie:

Hier vind je Kattekwea, in Oade oan Irolt
Doarpstsjerke Rottevalle

Buorren 18
9221 TB Rottevalle
Plan je route

vanaf jouw locatie

Toon resultaten