Locaties
3433 t/m 3456 van 5263 resultaten
-
Peal 4: Kafee Zevenwouden
-
Accepteer cookies om deze content te zien.
Peal 4: Kafee Zevenwouden
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Besjoch de hiele rûte.
(harkje hjir nei it audioferhaal)
Dat horeka yn Terherne altyd al in grutte rol spile hat, bewiist it ferhaal dat ik dy no fertelle sil. We weagje wer in sprong, no nei 1882. Café Zevenwouden is der allang en is no fan heit Rypkema. It Is ek de tiid dat it Far dimpt wurdt en Rypkema stiet foar de kar wa fan beide soannen de kroech oernimme sil. Der is spul en se komme der ûnderling net út. It kafee moat feilt wurde en de beide broers biede flink tsjin elkoar op. De iene broer lûkt oan it koartste ein en keapet in pân oan de oare kant fan it doarp by de brêge. Hy brekt it ôf en lit in nije herberch bouwe. Grutter en op in drokker plak as dat fan syn broer mei it Café Zevenwouden. In de 21ste ieuw hjit it de Gouden Leeuw. De konkurrinsjestriid liedt derta dat de broer mei Café Zevenwouden fallyt gean sil en it wer ferkocht wurde moat. Dochs sil de kroech syn namme hâlde, yn elts gefal oant yn de 21ste ieuw.
Oké, we stappe wer werom nei de hjoeddeistige tiid.
En we gean wer fierder. Al fynt it ferhaal oer de horeka en de kroegen fan Terherne noch net syn ein. Want watst miskien net witst is dat der noch in kroech wie, op in noch hiele oare ‘hoeke fan Terherne’. En de namme fan dy kroech wie wol hiel opmerkelik, hielendal as je sjogge nei de hjoeddeistige tiid.
We rinne basisskoalle Bloei oan de linkerkant foarby en stekke oer nei de herfoarme tsjerke. Gean mar troch it stek. En gean fuortendaliks rjochts ôf en oer it gers nei myn grêf. Ja, do sjochtst it goed. De earste stien rjochts, dat is myn lêste rêstplak. (No ja rêstplak, ik ha it der mar wer drok mei…)
Wolst wat foar my dwaan? Lêz dan eefkes mei folle omtinken myn lêste wink dy’t dêr skreaun stiet. Nim it eefkes goed yn dy op. “Tot in den eeuwigheid…”
[En no freegje ik dy: wat soe dyn lêste winsk wêze foar de wrâld dytst efterlitst? En soe it dan ek wier sa barre tinkst? Tsja…. Ik haw leard dat allinnich de tiid dat antwurd hat.Ik bin bliid dat ik dêr hjoed noch wat yn betsjutte kin. Dan sjogge je flak foar it tsjerkje it hûs mei de giele brievenbus. Gean foar dit hûs rjochts ôf, by de hage fan de tsjerke del, it smelle strjitsje yn. Nei it gielbrune hok stopje we eefkes. Do sjochst hjir in pear lytse âlde húskes stean. En âld binne se, want hjir fynst it earste stiennen hûs fan Terherne. Ek wol in stins neamd.
Hjirfoar gean we werom nei it jier 1500.
It giet om dizze wente, Wat letter in groepke fan lytsere húskes wurde sil, wurdt yn earste bouwd as 1 grut hûs. Yn dit hûs sitte Roazewinkels, dat binne stienen dy’t op de boulokaasje sels bakt wurde. As we dêrnei in spronkje meitsje nei it jier 1750, sjogge we dat der in grutte ferbouwing geande is. Fan it grutte hûs wurde 4 lytske húskes en in bûthús makke. Yn in inkelt húske binne dizze roazewinkels noch hieltyd oanwêzich, yn in skoarstien, it orizjinele en bewarre riikkanaal fan de stins. De inisjatyfnimmers fan de bou fan de stins binne de Oenema’s, in famylje fan boereadel dy’t in soad ûnreplik guod hawwe yn dit hiele gebied.. Yn de lege Wâlden, fan Terherne oant oan De Jouwer hawwe sy it foar’t sizzen.We rinne werom nei de dyk en slane op’e nij rjochts ôf by de giele brievenbus en rinne nei de Pastorij, de snackbar op’e hoeke.
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Klik hjir om werom te gean nei de rûte.
vanaf jouw locatie
-
-
Peal 5: It sintrum
-
Accepteer cookies om deze content te zien.
Peal 5: It sintrum
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Besjoch de hiele rûte.
(harkje hjir nei it audioferhaal)
Foar dizze sprong doch ik in berop op dyn ferbyldingskrêft. We steane by it reade bankje en geane werom nei it jier 1540, yn deselde tiid as de bou fan de Stins dy’t we niiskrekt seagen. Gean mar eefkes rêstich sitten ast dat noflik fynst.
Bist safier? Okee dêr geane we.
It is de tiid fan de reformaasje en ek Fryslân keart him tsjin it Katolisisme. It is de tiid fan de “hagepreken” en rûnom steane tsjerkjes ferskûle. Sa ek op it plak wêr’t letter de snackbar en it terras stean soene, stiet in skûltsjerkje yn de foarm fan in âld skuorre. Dit is ien fan de earste Doopsgezinde gemeentes. Fan bûten liket it op in âld skuorre, mar binnen wane je jin yn in tsjerke, kompleet mei in preekstoel. It hûs rjochts fan de Pastorij is de âlde pastorijwente. ’t Far rint hjir omhinne en wêr’t letter it pleintsje kaam is, steane noch in pear húskes oan it wetter. Dizze húskes wurde pas yn de jierren sechtich fan de 20ste ieuw ôfbrutsen. Okee, eefkes bekomme? We geane wer fierder!De yllúzje fan tiid learde ús al dat wy oer wetter rinne kinne en dus rin mar mei tusken de grutte balstiennen troch nei de T-splitsing. Stopje hjir mar eefkes.
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Klik hjir om werom te gean nei de rûte.
vanaf jouw locatie
-
-
Peal 6: T-splitsing
-
Accepteer cookies om deze content te zien.
Peal 6: T-splitsing
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Besjoch de hiele rûte.
(harkje hjir nei it audioferhaal)
Ja, want ek dizze T-spitsing bestiet út wetter! En it hûs oan de rjochter hân, mei it izeren stek deromhinne is yn dizze tiid in stôkâld wenhús mei in winkel dat omringe is mei fearten. Al die fearten hawwe ek allegearre wer fertakkings. En ek hjirre giet al it ferkear oer it wetter. Wat in stoatersk plakje om te wenjen midden op dit knooppunt! Terherne as Lyts Venetie. It âlde klintsje mei winkel op dizze hoeke baarnt ôf yn 1920. Dêrnei wurdt dit wenhûs bouwd.
Kom we stekke oer, nei de tsjerke op’e oare kant, de Fermanje.
We geane werom nei 1870, de tiid wêryn de goeddogger Dornseiffen preket. Yn Terherne is gjin grutte tsjerkestiid. De beide dûmny’s fan beide tsjerken wurkje goed meielkoar op. Links sjogge je de tinkstien stean, dy’t postuum yn 1922 troch de mienskippelike Fryske Skippers oprjochte is foar Dûmny Dornseiffen. Hy kriget dit as wurdearring foar it oprjochtsjen fan it skoalfûns foar skippersbern, wêr’t ik dy earder oer fertelde.
Okee, we geane wer fierder. Stek de dyk mar wer oer en rin by de supermerk del op nei de brêge. We komme hjir troch in stikje ‘Buorren’. It is hjir sterk feroare. Do witst sa linkendewei al dat Terherne as lyts Venetie is yn dizze tiid. Tusken dizze âlde húskes, links en rjochts fan ús, sjochst lytse smelle steechjes. De steechjes binne en wiene âlder dan de húskes dy’t bouwd binne. Alle steechjes rûnen nei it wetter. As der yn dy tiid drones west hiene, soest prachtige bylden sjen fan lytse postsegeltsjes grûn, omfieme mei wetter. Mei oan it wetter lytse húskes. Ho ris , we stopje eefkes krekt foar de pizzeria. It Pân mei de giele stienen en it griene haachje. Sjoch hjir marris om dy hinne. Dizze buorren, it sintrum fan it doarp is pas nei 1876 ûntstien. It begong mei in hiel smel dykje wêr’t noch gjin auto del koe. Der moasten ferskate húzen fuortbrutsen wurde om in strjitsje oanlizze te kinnen.
As we foar de pizzaria rjochts de gloppe yn rinne, sjogge we oan it ein it húske wêr’t ‘Ferhoalen Herntsje’, oftewol ‘Verborgen Hoekje’ stiet. Der stiet hjir in groepke mei lytse en âlde húskes. Hjir wennen allegearre skippers. We rinne werom nei de dyk en geane fierder nei de brêge. By de bankjes neist de brêge, stiet it folgjende pealtsje.
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Klik hjir om werom te gean nei de rûte.
vanaf jouw locatie
-
-
Peal 7: De Stripe
-
Accepteer cookies om deze content te zien.
Peal 7: De Stripe
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Besjoch de hiele rûte.
(harkje hjir nei it audioferhaal)
Yn de hjoeddeistige tiid is dit in drok knooppunt yn Terherne. In fernauwing yn de grutte ferkearsdyk fan it doarp. Dus sjoch goed om dy hinne en bliuw op’e stoepe en pas op foar auto’s en fytsers. Hjir oan de oare kant stiet it Skippershûs.
It Skippershûs draacht de namme sûnt in oantal jierren wer yn alle grutskens. ’t Schippershuis hyt sa omdat dit plak eartiids in oanlizplak wie foar skippers. It wie in dranklokaaltsje en in wachtlokaal fan beurtskippers. Dit punt yn it doarp wie in knooppunt, wêr’t alle farrûtes by elkoar kamen. Sjoch mar om dy hinne. Fanút Ljouwert, Snits, It Hearrefean, en De Gerdyk.
Rûn 1900 waard it ek in hotel. Dat wie de tiid dat de Rypkema’s ek dit horekabedriuw yn eigendom hiene. Dina Rypkema koe hearlik itensierde. It wie ek de tiid dat de earste toeristen yn Terherne delstrutsen. It wie redelik eksklusyf en der waard dan ek sprutsen fan “útsûnderlik en bedoarne wettersporters”, dy’t hjir kamen te iten. Yn dizze tiid hiet it noch café Rijpkema. Dizze namme bleau oant de twadde wrâldkriich en it is hieltyd mear útwreide.We geane fierder en we geane hjir links ôf de Stripe op.
Yn dizze strjitte doch ik wer in berop op dy. Do moast dy wer eefkes skrep sette om dy yn te libjen. Ik meitsje in sprong yn de tiid mei dy.We binne yn 1886
Do bist hjir no midden yn it nije ekonomyske swiertepunt fan Terherne. We rinne troch dizze drokke winkelstrjitte tusken de skippers, hun froulju en de hannelslju troch. De wenten oan de rjochterkant binne bedriuwen en winkels, dy’t bydrage oan de skipfeart. Hjkir fynst alle hannel foar boeren en skippers: fan mêst-, blok-, en pompmakker oant fouraazjehanneler.Tusken de winkels en de bedriuwen sjochtst in pear rintenierswenten, bygelyks op nûmer 6 en 7. We rinne rêstich fierder nei it ein fan de strjitrte, nei de helling fan Leemburg. Hier fynst it folgjende pealtsje.
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Klik hjir om werom te gean nei de rûte.
vanaf jouw locatie
-
-
Peal 8: De Helling
-
Accepteer cookies om deze content te zien.
Peal 8: De Helling
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Besjoch de hiele rûte.
(harkje hjir nei it audioferhaal)
Foar dy leit de âlde helling fan Terherne. En it prachtige hûs hjir rjochts foar de bocht, wurdt yn dit jier bouwd troch de hellingbaas. Hy hat it nammentlik hiel drok. En dochs foarsjoch ik problemen yn de kommende jierren. En ik foarsiz dy dan ek dat hy binne 15 jier fallyt gean sil. Ik flústerje him dan ek yn dat er oarstappe moat op wurkje mei izer, mar hy is eigenwiis: ‘Hout sinkt net!”ropt er. En ja…. Do begrypst it al hoe’t it ôfrint mei him…..
Werom nei hjoed de dei.
We sjogge noch eefkes nei de húzen oan de oare kant fan it wetter. Hielendal op’e hoeke stiet in hûs dat útsjocht op de hjoeddeistige wite slûs fan Terherne. Witst noch dat ik it hie oer nòch in kroech op de oare úthoek fan Terherne? Dy stie dêr op dat plak. Op in úthoeke fan Terherne. It sil sa rûn 1853 west hawwe dat dizze kroech in nije namme krije moast, omt de namme doe, de “Brette Poask” referearre oan de skelnamme foar de Terhernsters. De kroechbaas ferneamde de kroech nei in oare úthoeke fan de wrâld, wêr’t yn dy tiid in oarloch fierd waard: De Krim.De Krim dus, ferneamd nei in oarloch. Yn earsten in kroech en letter in Buorkerij. Dizze buorkerij baarnde ôf yn de jierren sechtich fan de foarige ieuw. Hjir krige it toerisme ek in oare foarm. Yn de heal ôfbaarnde en opromme skuorre ûntstie in camping en der waard kampeart.
It wite hûs oan de oare kant fan de feart is in slûswachterwenning. Der wie hjir noch in kearslûs, foar stoarmeftich waar, wêr’t dizze wenning by hearde. Der is in soad bart op dit plak. Want eart dit punt fan Terherne it ekonomyske swiertepunt waard, hie Terherne al yndustry. Op it plak fan de kroech De Krim en letter de ôfbaarde kampearbuorkerij stiene dêrfoar mânske kalkovens. Myn ûnthâld jouwt oan dat dit tusken 1600 en 1840 west hat. Dit skiereilân wie dêrfoar in strategysk plak, want der koene makkelik turf en skelpen oanfierd wurde. Der stiene hjir 2 of 3 kalkovens. Mei skelpekalk waarden húzen metsele en sa hat it wite hûs oan de oare kant ek in leshûs west om de brande kalk te blussen (Dat wurdt ek wol lesse neamd). Dit ferklearret ek de lange foarm fan it hûs. It hûs hat dus mear funksjes hân. It wie in flinke yndustry foar in plakje as Terherne en troch alle tiden hinne kinne je sizze dat oan de úteinen fan Terherne de wichtige bedriuwen stiene. De farwegen wiene liedend.
Okee, we draaie ús no om. En we rinne itselde paad werom nei it boatestasjon, it begjin en einpunt fan de kuiertocht.
En dêr slute we dan ek mei ôf. Want hjir krekt foar it Skippershûs is noch in lyts stikje fan de splitsing fan ‘t âlde Far te sjen. In âld stikje farwei, wêroer’t tûzenen skippers fearn hawwe. Yn tiden mei wolfeart en yn tiden fan freeslike earmoede.
En hjir, oan de ein fan de rûte, fertel ik dy it bêst bewarre geheim fan dit doarp: Der is nammentlik gjin ferhaal, oantinken, lêste winsk of geheim dat ècht ferlern giet. Alles leit opslein, as yn in ieuwich ûnthâld, yn it wetter fan Terherne. En dit oarspronkelike stikje fan It Far is wêr’t ik se wei ha en dat is ek wêrst alyd wer nei werom keare kinst.
Wolst mear witte oer de fergetten ferhalen en de skiednis fan Terherne? En sikesto de poarte nei it ferline? Be3gjindan by dit stikje wetter en siz dúdlik myn namme: Broer Sipkes. Dan help ik dy op wei.
Of belje de pleatselike skilder (sûnt 1880) en doarpshystoarikus Theunis van der Meer.
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Klik hjir om werom te gean nei de rûte.
vanaf jouw locatie
-
-
Pean
Pean
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Pean - de Berch
Pean - de Berch
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Pean - de Jister
Pean - de Jister
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Pean - Waterlodge Blaupoatsje
Pean - Waterlodge Blaupoatsje
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Pean - Waterlodge Goudule
Pean - Waterlodge Goudule
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Pean - Waterlodge Iisfugel
Pean - Waterlodge Iisfugel
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Pean - Waterlodge Ljurk
Pean - Waterlodge Ljurk
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Pean - Waterlodge Reade Wikel
Pean - Waterlodge Reade Wikel
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Pean - Waterlodge Reidsjonger
Pean - Waterlodge Reidsjonger
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Pean - Waterlodge Sweltsje
Pean - Waterlodge Sweltsje
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Pean - Waterlodge Tomke
Pean - Waterlodge Tomke
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Pean - Waterlodges Swarm
Pean - Waterlodges Swarm
Direct boekbaar
vanaf jouw locatie
-
Peazemerlannen
Peazemerlannen
vanaf jouw locatie
-
Pecorino
Pecorino
vanaf jouw locatie
-
Peije de speelman
Peije de speelman
vanaf jouw locatie
-
Peilschaalhuisje Hindeloopen
Peilschaalhuisje Hindeloopen
vanaf jouw locatie
-
Peins
Peins
vanaf jouw locatie
-
Pelgrimshut Slettness
Pelgrimshut Slettness
vanaf jouw locatie
-
Penninga's Molen
Penninga's Molen
vanaf jouw locatie